Hast op de kop ôf trije jier lyn iepene 'Greideroas' syn doarren oan de E.M. Beimastrjitte 32. In smûk winkeltsje dêr't men terjochte koe foar kado's, tee, sieraden en snústerijen.
Nei twa jier kaam de blommewinkel fan de buorlju frij, 'it Maarteblomke', op nr. 30.
Jeltine Wilkens naam har kâns waar en nei in drege ferbouwing is Greideroas no fjouwer of wol fiif kear sa grut wurden en binne farske blommen en planten oan it assortimint tafoege.
Hjoed, op de earste dei dat de winkel iepen is, wie it drok mei nijsgjirrige Eastermarders. By de measten foel fuortendaliks de mûle iepen: sa moai!
Wat langer men omsjocht, wat mear hoekjes en kastkes mei de meast aardige en gekke dingen men ûntdekt.
"It wie fan fan 'e moarn ôf al smoardrok, ik bin net iens oan kofje takaam", fertelt in tefreden Jeltine Wilkens. "It liket wol of hiel Eastermar hjoed in blomke op tafel hawwe wol!" Hja is tige bliid mei it úteinlike resultaat fan de ferbouwing, dy 't op de flier nei hielendal troch Jeltine sels, de húshâlding en freonen útfierd is.
De 'Greideroas' is wer in foarbyld fan de algemiene teneur fan de lêste tiid yn it doarp: it nivo fan de winkels wurdt hieltyd heger. It binne lang gjin doarpswinkeltsjes mear mar moderne, sfearfolle saken, dy't by wize fan sprekken ek yn Snits of wêr dan ek prima passe soenen. Eastermar kin mar wer nij grutsk wêze op dizze foarsjenning.
-
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Oud-Eastermarder Gepke Hoekstra exposeert in KAF
Studenten en alumni exposeren van 27 april t/m 5 mei in de werkruimtes van Kunstacademie Friesland m... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Bedankt Eastermarders
Al mear as 10 jier sammelet Eastermar moanliks produkten yn foar de Voedselbank Tytsjerksteradiel. Fa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 december 2023
Eastermar is...
...by Otte yn 'e rige wachtsje foar in krystmiel. Fierder lêze »