Yn july 2010 moast nei fiif jier Greideroas, de winkel yn blommen en dekoraasje, slute. Spitich, wer in winkel minder yn ús oars sa libbene doarp. Mar no komt it goeie nijs: Greideroas hat harsels op 'e nij útfûn en giet wer iepen!

Fan 8 desimber ôf kin men op de E.M.Beimastrjitte 30 telâne foar kuriosa, brocante, blommen en dekoraasje. Spesjaal blomwurk kin op bestelling levere wurde.
De winkel is fan tongersdei oant en mei sneon iepen.
Fuortendaliks wurdt úteinsetten mei in moaie aksje yn Krystartikels.

Greideroas

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: