Yn de kommende BREEDút sil in fraachpetear te lêzen wêze mei de nije eigners fan Familiehotel Oostermeer. Sa 't eltsenien wol lêzen hat, is it hotel nammentlik ferkocht.
Yn it stik wurdt ûnder oaren út de doeken dien wat de ferbouplannen binne. Ada Roelants en Heymen Jansen binne fan doel it gebou safolle mooglik wer werom te bringen nei de oorspronkijke staat en alle orizjinele eleminten, foar safier dy der noch binne, wer foar 't ljocht te heljen. Om dizze reden is besluten om it hotel de âlde namme wer werom te jaan. Op it momint fan skriuwen like it fêst te stean dat de namme fan it hotel 'Hotel Meerzicht' wurde soe.
Mar letter die bliken, dat yn 1874 yn in advertinsje de namme justjes oars skrean waard, nammentlik mei in 'g'. Hotel Oostermeer sil dêrom meikoarten offisjeel wer 'Hotel Meerzigt' hjitte.

hotelmeerzicht2.jpg

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: