Sûnt begjin dizze moanne is it nije appartemint fan HerbercH 's Lands Welvaren klear. Op it plak wêrt earst de seal wie is no in febliuwrûmte makke mei in wenkeamer/keuken, in sliepkeamer mei in twapersoansbêd, in sliepkeamer mei trije ienpersoansbêden en in wiete sel mei does, w.c. en in dûbele wasktafel.
Yn de wenkeamer stiet in bêdbank geskikt foar twa persoanen, sadat der 7 minsken tagelyk yn ferbliuwe kinne. De keuken is ynrjochte mei in elektrysk fornuis mei oven, koelkast, magnetron, kofjesetapparaat en wettersierder. Boppedat binne alle potten, pannen, bestek, ensafh, oanwêzich. Ek stiet der in tillevyzje. It appartemint is foar sawol koarte as langere perioade te hier foar bedriuwen en partikulieren.
Sjoch ek op www.landswelvaren.nl

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: