Twa ûndernimmers krigen fan 'e moarn út hannen fan de braderykommisje in blomke oanbean, want beide stean mar leafst 25 jier op 'e diskemerk yn Eastermar.
Wimpy docht yn bedrukte T-shirts en is alle jierren mei in grutte kream op de bradery te finen. "Ik haw it pikefel op 'e earms" sei er doe't Annneke Benedictus ynienen foar him stie mei in mânsk bosk blommen.
Foar Famylje de Zwart is de lêste saterdei fan juny ek fêste prik. It is dé kream foar badmatsjes, plastic tafelkleden en sok sort guod. Spul wat hast nearne mear te krijen is en dêrom wurdearre ûndernimmers op 'e merk. "Earst thús even opmjitte en dan om in nij swilkje foar de keukentafel." De Zwart stie eartiids op twa merkes, moarns yn Eastermar, middeis yn Surhústerfean.

wimpy.jpg

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: