Per 1 july giet it ferbod op smoken yn foar de hoareka. Freed hat minister Ab Klink it beslút nommen dat dit ferbod ek foar feesttinten jildt.
Eastermar hat in lange tradysje op it doarpsfeest wat sigaarsmoken oanbelanget. Even in moment fan rêst yn de hektyk fan it doarpsfeest. Even yn de konsintraasje mei as wichtichste doel de langste sigaarkegel. By need in sjekje derby foar de smaak, in pilske foar de toarst, mar úteinlik giet it om it tal milimeters dat fan it stompke oerbliuwt. No nergens om, mar it is perfoarst in sport. In sport dy't driget ferlern te gean!

Froulju hawwe by de organisaasje oantrune op in eigen priis. Mar nee, sa fier mocht de emansipaasje net gean. Manlju of froulju, it giet om de lingte fan de sigaarkegel. Ek froulju moatte foar dizze kear bliid wêze mei in koart stompke, sa sei de organisaasje...

Michel van Holsteyn begûn justjes letter as de oaren. Alhiel yn de konsintraasje bleau hy allinne op it poadium oer, om úteinlik as twadde, mei de blierren op 'e tûme en mei in stompke fan 21 milimeter te einigjen.

Mar hoe komt dit it oare jier? Hat Michel de lêste west dy't oan dizze Eastermarder tradysje meidien hat? De minister hat it oer 'in de open lucht onder een luifel of parasolachtige constructie'. Soks skynt noch wol te kinnen. Wy moatte ôfwachtsje en it oan de kreative útfiningen fan de feestkommisje oerlitte... 'Okkema verhuur' hat partytinten, soe dat wat wêze?

doarpsfeest-sn-03.jpg

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: