It tal besikers op ús webside om it doarpfeest hinne is altyd heech. Mar dizze freed like it hiele lân wol ynteressearre yn de foto's fan it doarpsfeest. Hoe koe dat samar?
It docht bliken dat der in link nei ús doarpsfeest stiet op de website fan GeenStijl.
En dan giet it benammen om ien foto, makke troch Albert Bakker, dêr 't de opskuor op basearre is. In foto fan Oebele Brouwer yn in 'geenstijl' T-shirt.

"De fraach fan de feestkommisje wie om tongersdei yn it rôze op de Eastermarder Muzykjûn te kommen. Dit wie it iennige shirt dat ús soan noch yn de kast te lizzen hie, dus dat lûkst dan oan. Gjin opsetsin mar gewoan tafal", leit Oebele Brouwer út.

GeenStijl soe GeenStijl net wêze en meitsje soks fuortendaliks wrâldkundich. It giet hjir nammentlik om in webside mei, sa 't hja it sels útlizze, de folgjende ynhâld: Op GeenStijl wisselen nieuwsfeiten, schandelijke onthullingen en journalistiek onderzoek elkaar af met luchtige onderwerpen en prettig gestoorde onzin. Tafal is dat GeenStijl krekt yn it nijs west hat fanwege diskriminearjende reaksjes op artikels op har webside. En dan is in 'slachtoffer' yn de foarm fan in ofsier fan justysje in ynkopperke.

Fraach is allinne, wa koe him of har net ynhâlde en hat GeenStijl tipt? It hie aardiger west om it Eastermarder doarpsfeest fan Eastermarders bliuwe te litten.

Moarn, yn de Ljouwerter krante, mear omtinken foar dit foarfal.

En Albert Bakker... dy makket jûn yn de feesttinte gewoan wer foto's. Fan Eastermarders.

stijl.jpg

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: