In neifolging fan it TV-momint fan it jier hat Eastermar har eigen Eastermar-momint keazen. Fia de webstemming op dizze side koe men kieze út in tal doarpshichtepunten lyk as it Easterbarren, it doarpsfeest, it 'Paardenspektakel', ensfh.

It die bliken dat dizze kear it ûnderwerp fan de webstemming goed sketten wie; der is noch nea safolle gebrûk makke fan dizze opsje op eastermar.nl. Dêrom dizze kear wat ekstra omtinken foar de útslach.

40% fan de Eastermarders is it iens mei boargemaster Polderman. Foar harren hat de oankomst en huldiging fan it Eastermarder skûtsje op 12 augustus ít hichtepunt fan 2007 west.
It doarpsfeest is twadde wurden met likernôch 30% en it Easterbarren hat de brûnzen medalje mei 20%.

De útslach komt oerien mei it feit dat it tal donateurs foar de Stifting 'It Eastermarder Skûtsje' noch altyd groeit. De stifting hopet dit jier nr. 200 wolkom ta te roppen.

Image
Huldiging fan de bemanning fan it Eastermarder skûtsje

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: