In winkel yn't doarp, dêrfan wie grut ferlet
dêr kin men dochs wier net mear sûnder!
Wy hiene it al opjûn en út de holle set
mar dan bart der dochs noch in wûnder!
Ja Sippie makke har sterk
foar de nije supermerk

It is in boppe- it is in boppeslach
Ja 't is hjir te heljen en ek te beteljen
Ja 't is in boppe- it is in boppeslach
Men kin hjir terjochte, alles sin no ûnder ien dak!

(tekst Nanke Tadema)

Mei dit liet waard de famylje Wijnsma tidens de feestlike iepening fan de nije supermerk 'Alles ûnder ien dak' tasong troch it Eastermarder koar.
Ek de fierdere reaksjes wiene tige posityf. "It is krekt of is 't hjir folle rûmer." "No moast hjir ris sjen, dit bin oars gjin rare prizen."
Wylst Sjouke Wijnsma foar Omrop Fryslân Televyzje nochris even flink reklame makket foar Eastermar (en foar de nije winkel), giet Doutzen noch even mei ferskate bern op 'e foto.
En bûten hawwe de earsten it nijste kreative sitsje fan Sippie ûntdutzen...

It nije tillefoannûmer fan 'Alles ûnder ien dak: 472711

allesdak2.jpg

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: