Op sneon 20 en snein 21 maaie wie it feest yn de tsjerken fan ús doarp.
'Grifformeard' en 'Herfoarme' besteane hjir no offisjeel net mear. Dizze beide tsjerkgenoatskippen binne opgien yn de PKN, de Protestantse Kerk Nederland.
Dêrom wie it feest yn de tsjerke en wiene der allerhanne aktiviteiten te dwaan. Sa wiene der workshops evangelysk blomskikken, skilderjen en muzyk meitsjen.
Sneontemoarn waard der in grutte slinger ophongen tusken de tsjerken op it Heechsân en yn de buorren. Spitichgenôch wurke it waar net goed mei. Op sneontejûn wie der in bûnte jûn. De ferskate tsjerklike ôfdielingen spilen toaniel, songen of diene oan kabaret.
De sneintemoarns wie der in spesjale tsjerketsjinst om de fúzje te fieren. Spesjaal hjirfoar wiene de âld-predikanten dy't ea yn Eastermar stien hawwe en mei it 'Samen Op Weg Proces' dwaande west hawwe foar dizze tsjinst útnoege.

tsjerken-ien.jpg

evangelysk blomskikken

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: