lsinnepanielen

Dat op dit stuit de sinnepanielen by de leveransiers de doar útfleane is net ien ûntkommen. Yn de media is oeral te lêzen dat dit de lêste kâns is, nei 16 oktober is it gebeurt mei de 90% subsydzje fan de oerheid. Foar in ‘lyts bytsje sinten hawwe jo samar in aardich protsje op it dak te lizzen. Troch in tûke aksje fan Wopke Wobbes fan de Teie Tolstrjitte koenen in stikmannich Eastermarders noch mear profitearje. Troch harren bestelling in ien kear by de Stifting Zonnestroom te pleatsen koe flinke koarting bedongen wurde. Omdat der sprake wie fan in flink sniebaleffekt wie it de grutste bestelling ea by dizze stifting. Mear as 1200 panielen wurde der dizzer dagen yn ús doarp ôflevere. De kommende sneonen sitte der mear manlju op it dak dan ûnder dak, sa is de ferwachting.

Oar doarps- en ferieningsnijs: