Fan nachtlike stilte yn Eastermar is de lêste wike net folle oer. Hearde men earst de wyn troch de skoarstien bolderjen, no komt it lûd earne by de Burgumermar wei. En yndie, it is dêr allegear ljochten en herje. It liket wol in twadde sintrale, dy 't sy dêr oan't bouwen binne.
Mar alle Eastermarders witte sa njonkenlytsen wol wat der by de mar geande is. De gaspiip dy 't op dit stuit oanlein wurdt, moat ûnder de Lits en de Sumarderwei troch. Der moat in kilometer boarre wurde om de piip fan de iene nei de oare kant te krijen. En it wurk giet dei en nacht troch sadat de klus mei seis wike klear wêze kin.
Aardich om te witten dat de piip yn in bocht nei ûnderen en wer nei boppe komt. It leechste punt fan de piip is likernôch 20 meter ûnder de grûn.

Image
6 wike wurk (foto Simon Bosma)

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: