Jierrenlang hat 'de Broekophâlder' útsjoen oer it Breed. Mar no't de renovaasje in feit is koe it brûnzen byld fan keunstner Aizo Betten dêr net langer bliuwe. It byld soe û.o. yn it paad komme te stean fanwege in oare yndieling fan de feemerk.
De fer. foar Doarpsbelang hat yn oparbeidzjen mei de wurkgroep 'it Breed' in nij plak útkeazen, nmtl. op 'e kop fan it Wâltsje. Dit nei oanlieding fan de ideeën dy't Rienk Vlieger nei foaren brocht hat op de ledegearkomste fan Doarpsbelang oer dit part fan it doarpsplein. It doel is dat op dit stikje fan it Breed iepenbiere siteleminten komme. Hoe't dat der krekt út komt te sjen, dêroer sil letter berjocht dien wurde.
It byld hat no in eareplakje op ien fan de moaiste lokaasjes yn it sintrum fan it doarp en ferdwynt net mear tusken it autoblik. Wa't no in foto fan it byld makket, kriget der tagelyk it moaie útsjoch oer it Wâltsje by. Of oarsom, wa't no in foto makket fan it Wâltsje kriget de Broekophâlder der op ta. Ut toeristysk eachpunt besjoen gjin ferkearde gedachte.
De opmerksume taskôger sil sjen dat de sokkel wat djipper yn de grûn kaam is dan foarhinne. Dat hat in reden. Oan no ta seach de Broekophâlder oer ús hinne, de holle kaam boppe de 2 meter. Troch de sokkel wat sakje te litten kinne byld en minsken mekoar no yn de eagen sjen. Dêrmei is de Broekophâlder mear ien fan ús, mear ûnderdiel fan de mienskip wurden.
It wachtsjen is no fansels op de earste Broekselfie's...
-
- Informatie
- 29 maart 2024
Agenda ALV Doarpsbelang
Op dinsdag 16 april om 19.30 in de Hege Stins is er een ALV van Doarpsbelang. In deze pdf leest u de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2024
Nijs fan de Iterstùn en it Itersbosk
Groene lentekriebels in de Iterstún: er zijn ladingen groenten gezaaid die straks geplant worden op... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 februari 2024
Oproep, wie herkent dit schilderij?
Beste Eastermarders, Ik ben bezig met het schrijven van een boek over het interneringskamp voor Belg... Fierder lêze »