podium 't Breed

Op it Breed moat in poadium komme sadat al it talint fan Eastermar en fansels ek oaren dêr spylje kinne. It poadium soe komme kinne deun by de beam foar it Waltsje, op 'e hoeke by de bakker. It plan, dat ek al foarlein is op de iepenbiere gearkomste fan Doarpsbelang, is no yntsjinne by de gemeente.

Der binne ferskate positive reaksjes kaam, dat der is kâns dat it plan slagje sil. It soe It Breed ek goed dwaan, fanwege al it 'blik' wêr't it no fol mei stjit. Mar it idee is fansels net om 'e nocht. Hjirûnder it plan fan Wopke Wobbes.

De achterlizzende gedachte fan it ûntwerp

Dit poadium moat foarstelle in grutte holle balstien. Yn it izeren tiidrek waarden grutte holle bolstiennen brûkt om it nôt yn fyn te kniezen. Men die de nôtkerrels yn 'e stienholte en mei help fan in lyster balstientsje kniesde men de kerrels fyn ta moal sadat der brea fan bakt wurde koe. Dit poadium kin brûkt wurde foar kulturele aktiviteiten. Sjoch mar wat der allegearre op priemen set wurdt yn Eastermar wat kultuer oanbelanget en dat alle jierren wer. Lykas it strjittefestival, optredens tidens de Eastermarder merke, de krystmerke, op de simmer jûnen, keninginnedei en befrijingsdei. Dit poadium is o sa geskikt om de kulturele nôtkerrels sa te knizen dat se as moal bakt wurde kinne ta kultureel brea. Yn werkelikheid hat Eastermar de histoaryske ikkers en de waarme bakker tichteby. Elts minske is in nôtkerrel, mar troch in optreden, it makket neat út yn hokker foarm, solo of as groep ûntstiet der wat moais op it poadium, kultureel moal/brea. It kulturele brea is krektlike wichtich as it brea fan de waarme bakker.

Omskriuwing fan de tapaste materialen.

De Balstientsjes, ek wol berneholtsjes neamd, opgloaiend út de strjitklinkerts waarden yn it izeren tiidrek brûkt lykas omskreaun is. Sy passe ek moai op It Breed en foarmje in gehiel mei de muorkes foar de Rabo bank en 's Lands Welvaren'. De rustfrijstielen ring fan kantich profiel stiel makket in dúdlike ôfskieding tusken de opgloaiende râne en de holle kûme. De hichte fan de rânen binne sa, dat der gjin wetter yn de kûme stean bliuwt. De kûme is beklaaid mei graniten tegels, "Baltic Brown" dy't brând binne om net in glêd oerflak te krijen tsjin it útglydzjen.

Wei-oanpassings

De bocht yn' e wei sil wat ferromme wurde moatte om it (fracht)ferkear trochgong te jaan. Om it poadium sille pealtsjes set wurde moatte sadat it ferkear net op, yn it poadium rydt.

podium 't Breed
Tekst en ûntwerp fan it poadium; Wopke Wobbes

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: