Tongersdeitejûn hat de gemeenteried it fersyk ta omkearing fan ‘e rydrjochting op it stik Beimastrjitte tusken ‘t Breed en Meerzigt honorearre. Dit fersyk wie yn maart yn de foarm fan in boargerinisjatyf oan ‘e ried en it kolleezje fan B&W dien. De folgjende stappen yn de feitlike realisaasje fan de rydrjochtingferoaring binne no it nimmen fan in ferkearsbeslút troch B&W en it seis wiken op besjen lizzen dêrfan. As dy perioade sûnder beswieren ferrint, kin oergien wurde ta it oanpassen fan de bebuording en komt it autoferkear dus fan de kant fan Meerzigt it doarp yn. Foar de fytsers feroaret der neat.

IMG 20200601 WA0003

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: