Oprop!
It duorret net al te lang mear, dan sil de tsjerke yn ’e buorren sluten wurde. Wy, de 'kommisje sluting Buorren/iepening Heechsân', binne al dwaande om in programma te meitsjen foar dat wykein yn ’e Buorrentsjerke. Wy soenen yn dat wykein dan ek graach in lytse tentoanstelling meitsje wolle oer de skiednis fan de Grifformearde Tsjerke. Wy tinke dan oan âlde foto’s ensfh. mar miskien binne der ek noch oare dingen dy’t aardich binne om hjirby sjen te litten. Ek in moai, of miskien wol grappich, ferhaal oer de tsjerke is tige wolkom.

Mochten jimme thús spul ha dat geskikt is en dat jo hjirfoar tydlik beskikber stelle wolle, dan kinne jimme kontakt opnimme mei Loltsje van der Zee, tel. 472074 of loltsjevdzee@kpnplanet.nl
Wy hearre graach fan jimme!

Kommisje sluting Buorren/iepening Heechsân,
Ds. Wim Stougie
Taeke Hiemstra
Bouwe de Jong
Etsje Smits
Loltsje van der Zee

kerk18

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: