...in gastfrije ûntfangst foar popstjer Colin Blunstone (70)

Besikers fan 'Herbergh de Parel' waarden freedtejûn ferrast troch in popheld út de jierren '60 en '70, dy't samar oanskode oan 'e stamtafel nei in optreden yn 'Poppodium Iduna' yn Drachten. Yn Eastermar wachte him in sliepmûtske en in waarm bêd.
Colin Blunstone fûn Eastermar geweldich. Fral de hûzen, boud mei fan dy âlde bakstientsjes en it feit dat in protte minsken jûns de gerdinen net ticht ha. En toe dan mar: even posearje mei Martsje Mud, ien fan syn fans, dat wie gjin probleem.

colin

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: