...noflik sitte op in bankje, makke fan ikehout út de Wâlden.

Dit bankje, op ‘e hoeke fan de Zwarteweg en de Kleine Hornstweg, is pleatst ta neitins fan Jan de Boer. It idee komt fan Henk Pilat en Foppe van der Meer. Jan de Boer, in útsprutsen Wâldpyk, wie û.o. de betinker fan de Stifting Wrâldfrucht, it streekmerk fan de Fryske Wâlden.

Op 24 juny om 16.00 oere sil der spesjaal omtinken foar wêze en in plakette ûntbleate wurde mei útlis oer de hage dy’t okkerdeis oanplante is tusken it fytspaad lâns de Zwarteweg en it lân fan molkfeebedriuw Atsma. Dizze hage bestiet út in kar oan beammen en strûken dy’t oarspronklik yn de Noardlike Fryske Wâlden thús hearre. In spesjale gast is útnûge om in liet oer de Wâlden te sjongen.

Letter folget mear ynformaasje oer dit omtinken.

bankje fan ikehout út de Wâlden

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: