russyske bear
Boarne: What's ap

Hast alle Eastermarders binne him gewaar wurden: in Russyske bear dy’t sûnt sneintemoarn betiid yn it doarp omswalket en strjitten, stoepen en tunen ûnfeilich makket. Ek fan it Wytfean, Skûlenboarch en it Heechsân binne meldingen by de redaksje binnenkaam. De earsten al om seis oere moarns!
Mar net allinne yn ús omkriten, sa docht bliken. Want mei grutte koppen skriuwt de Ljouwerter Krante fan hjoed: Elfstedentocht? Friesland ziet een hoop beren op de weg!

Wintermeunster
“Ynienen wie er hjir, hy rûn hjir samar oer strjitte”, wit in frou op ‘t Hôf te melden. “Ik koe noch krekt in foto knippe. Doe bin ik der gau wer yn flechte, de kâlde grillen fleagen my oer ‘t liif!”
“Der wurdt allinne noch mar oer it wintermeunster praat”, seit winkelman Sjouke, dy’t hast gjin tiid hat om by de kassa wei foar kofje. "Guon nimme in grut risiko en tôgje troch in heale meter snie hinne dizze kant út, hielendal oerémis. Allinne mar om har ferhaal kwyt te kinnen."

Rêstich bliuwe
Hoe kin dizze bear hjir samar ynienen, fan de iene dei op de oare, omstrune? Dat is de grutte fraach. Ferskate teoryen komme op tafel. Alderein, dy’t earder mei dit fenomeen te krijen hân hat, besiket de panyk wat del te bêdzjen. “Rêstich bliuwe, it kin efkes duorje mar hy giet fansels wer fuort.” Mar de jeugd makket him soargen. “Rêstich? It giet hjir om in bear út Ruslân wei! Hawwe jimme de protesten yn Moskou op telefyzje sjoen? Net bêst. Wy wurde al troffen troch de maatregels fanwege de koroana, en no dit wer!”

reedslypje

Wapens
Wylst de iene it nijs berêstend oer him hinne komme lit en binnendoar bliuwt, binne oare Eastermarders net te hâlden. “Wy moatte ús wapenje! Wy litte de redens fêst slypje. Want in bear kin hurd mar wy kinne hurder!”

Komplotteory
Op strjitte, foar wa ‘t dêr de moed ta hat, wurdt der in soad oer praat. Want hoe kin it dat in bear, op samar in dei yn febrewaris, hjir ynienen de tsjinst útmakket en it hiele doarp yn top en takel bringt? De meast opfallende is in wiere komplotteory. It soe te krijen hawwe mei de liuwen yn Artis, dy’t al jierren yn in te lyts ferbliuw oerlibje moatte. In man, dy’t fierder anonym bliuwe wol, wit te fertellen dat it om in soarte fan befrijingsaksje giet. “Sjoch, dy trije liuwen yn Artis, dy soene ommers nei in grutter ferbliuw yn Frankryk ta. Mar dat is oergien. En mei help fan de Russen kinne dy liuwen no oer’t iis ûntkomme. Stjerrende wier, heite!”

Oprop
Hawar, it lêste wurd is der noch net oer sein. De bear is hjir en de bear bliuwt hjir noch wol efkes. Goed op tariede en beskermjende klean oan wannear 't men efkes yn ‘t waar sjen wol, is it boadskip. Dêr binne de measte Eastermarders wol fan oertsjûge en warskôgje inoar. “Tink der om, allinne fretten foar fûgels yn ‘e tún dellizze!”
Noch mar ien Eastermarder hat de kâns krigen en meitsje in foto fan de bear. Mar wa’t de bear, sûnder al te grut risiko te nimmen, foar de lins kriget: mail it resultaat nei de redaksje!

Sytse Vliegen

 

Reaksjes:

Sjoen by it Piter Johannes gat, ferskûle yn de ûnderwal, mei gefaar foar eigen libben, dizze foto’s makke fan de bear !!
Lokkich binne wy hielhûds wer thús kaam, en kinne wy it jim noch witte litte en warskôgje foar dit meunster !! 

Gr Truus vd Meer

Russyske bear

 

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: