Dizze wike ried in konfoai fan legerauto's út de twadde wrâldoarloch (der wienen ek trije by út Eastermar) itselde paad del dat de Kanadezen namen op 15 april 1945 om Fryslân te befrijen fan de Dútske besetting.
De skiednis fertelt dat Eastermar ek op dizze rûte lei. Dêrom is it konfoai hjoed, snein 11 april krekt foar tolve oere, fanút Rottefalle de Grutte Hoarnstwei yndraaid en hat doe fia Toerleane, Skûlenboargerwei en Joereleane koers set nei Droegeham.
It konfoai is dêrnei trochgien nei Ljouwert en is - krekt as yn '45 - fia de Grinzerstrjitwei de stêd ynriden. Nei in rûnrit binne de dielnimmers by it Fersetsmuseum oankaam en dat wie it einpunt fan dizze histoaryske tocht.

IMG_8594-1

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: