Yn de nacht fan sneon op snein wie it om 02.00 oere dan einlings safier: de lêste klanken waarden wei en eltsenien gie te (roes út)sliepen. De ein fan de lêste dei fan de 2008-edysje fan it Eastermarder doarpsfeest.

feestsaterdei-28juni_2_019.jpg

De dei wie begûn mei de jierlikse diskemerk en de bekende feemerk fansels. Hantsjeklappende feehannelers, rûnrinnende fanfarebands, grôtfolle terrassen, wat wie der eins net te sjen. Op de Komerk net ien, mar twa helikopters: wat hat Eastermar mei de Komerk dochs in daalderske lokaasje krigen.

Harm Hoekstra hat juster in filmke makke fan syn heli-flecht en hy lit jimme it doarp no dan sels fanút de loft sjen!

It Eastermarde skûtsje lei hast tsjin de tinte oan, de beskermfrou sels oan it fokhisen, darte mei Piet Miedema, dûnsje mei Let's Dance, sigaren smoke no't it noch krekt mei, meisjonge mei De Skipfeartsjongers en de feestôfsluting mei Boulevard.

Lânlike ferneamdheid, provinsjale ferneamdheid:It Eastermarder feest hie it dit jier allegearre.

En dat wie allinnich noch mar de lêste dei!

De ôfrûne dagen hawwe jimme op dizze side lêze kinnen wat der allegearre noch mear bard is.

De redaksje hat it der mar drok mei hân om jimme op 'e hichte te hâlden; de webmaster hat ús foarsichtich frege om it it folgjend jier justjes minder te dwaan wat de foto's oanbelanget. De server koe it sa no en dan amper draaiende hâlde...

De redaksje is tige benijd nei de reaksjes fan jimme, ús lêzers. Hjirûnder kinne jimme se kwyt:

 

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: