It tilt yn Eastermar op fan de barrens en meastentiids binne dy foar 'eigen publyk'. Mar dit wykein liet Eastermar sjen dat it ek oars kin en waard ús unike lokaasje ôfstien oan ús gasten.
It 'trekkerfolk' koe it hert ophelje by de Oldtimerdei dy 't de famylje de Jong fan de Sumarderwei al jierren mei organisearret. Harren 'foartún' is ien grut werom-nei-de-âlde-tiid mei âlde traktoaren, auto's, brommers en motoaren. It binne der allle jierren mear. Fansels sneupe hjir ek wol Eastermarders om mar it grutte publyk komt út de omkriten wei.
Fierder waard Eastermar ferrast troch in ynfaazje fan sylboatsjes, trailers, campers, caravans en sylfolk. De organisaasje fan de Combi-Noordsylwedstriden foar de jeugd út hiel Noard-Nederlân, hie dit jier de Komerk, de Burgumer Mar en de Leien útkeazen as lokaasje. De Eastermarder frijwilligers en wettersportferiening stienen ek hjir ree om te helpen en te soargjen foar in gastfrij en fral waarm ûnthaal.
Al mei al in moai stikje PR foar ús eigen Eastermar en it is te hoopjen dat dizze sylwedstriden ta in regelmjittich barren útgroeie sille. Want it doarp en de foarsjennings binne der klear foar!
-
- Informatie
- 29 maart 2024
Agenda ALV Doarpsbelang
Op dinsdag 16 april om 19.30 in de Hege Stins is er een ALV van Doarpsbelang. In deze pdf leest u de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 maart 2024
Nijs fan de Iterstùn en it Itersbosk
Groene lentekriebels in de Iterstún: er zijn ladingen groenten gezaaid die straks geplant worden op... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze »