Foar 23 february hat de ôfdieling fan Grien Links Tytsjerksteradiel in kuiertocht útsetten. Hja hawwe der spesjaal in rûte foar makke mei help fan de VVV Eastermar. Sadree de tocht dien is wol men dizze rûte en kaart oanbiede oan de VVV, sadat ek oaren fan dizze tocht genietsje kinne.

De tocht start om 12.00 oere. Der sil ûnderweis ekstra oandacht joen wurde oan de Eastermarder Lânsdouwe. Foar dy tiid is der yn 's Lands Welvaren in radio-opname fan it programma 'Op 'e Hichte' om 10.00 oere fan radio SLOT.

's lands welvaren

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: