Doarpshumor achter it byldskerm
De Beimabuertferiening hie op 29 april in online pubkwis organisearre. De dielnimmers stie, ear't de kwis úteinsette, al in ferrassing te wachtsjen. Om fiif oere stie der immen fan ‘t bestjoer oan ‘e doar mei de kwisfragen én lekkere borrelhapkes!
Om healwei achten skoden alle dielnimmers achter de kompjûter. Allinnich, tegearre of mei de folsleine húshâlding. Nei alle technyske probleemkes oplost te hawwen, sette de pubkwis útein ûnder deskundige lieding fan Eelke en Michel. Eltse ronde hie in eigen tema: De Beima, de omjouwing, Top 2000, it Songfestival, ensfh. En ek al wie’t online, it wie in gesellich oheden.
Ut en troch folge in tuskenstân. De spanning rûn op. Want wa soe ien fan de trije haadprizen winne: in tegoedbon fan 'de Parel', fan 'It Breed' of fan kapsalon Joukje? Alle trije itselde bedrach, mar wa’t as earste einige hie de earste kar, dan nûmer twa en de oerbleaune priis wie foar nûmer trije.
Dêr't nimmen weet fan hie is dat der op ‘e Beima in hûshâlding wennet - twa froulju - dy’t alles fan it Songfestival wit. Omdat dizze ronde ek nochris kâns joech op de measte punten, gongen dizze sjongfestivalfroulju der mei de earste priis fan troch. Sy hiene de earste kar en keazen foar de tegoedbon fan 'de Parel'. Op it twadde plak einige immen dy’t gjin ferlet hie fan in knipbeurt fan Joukje. Dus nûmer twa keas foar de bon fan 'It Breed'.
Doe bleau de tegoedbon fan kapsalon Joukje oer foar nûmer trije.
En de winner is... Alle, partner fan Joukje!
In sigaar út eigen doaze!
Reaksje fan de organisaasje: ”Dy seagen wy net oankommen…”
Neiskrift: Alle hat it mei de sjongfestivalfroulju op in akkoartsje smiten. De froulju sille tegearre te hierknippen by Joukje. Alle sit meikoarten mei in grutte gniis op it terras fan 'de Parel'.
-
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Oud-Eastermarder Gepke Hoekstra exposeert in KAF
Studenten en alumni exposeren van 27 april t/m 5 mei in de werkruimtes van Kunstacademie Friesland m... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Bedankt Eastermarders
Al mear as 10 jier sammelet Eastermar moanliks produkten yn foar de Voedselbank Tytsjerksteradiel. Fa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze »