Saterdei 24 april is it wettersportseizoen yn Eastermar iepene. Op de Komerk wie in grut shantykoar gearstald út wol acht besteande shantykoaren, mei yn totaal ûngefear 240 sjongers. De koaren kamen út hiel Fryslân. It gehiel stie ûnder lieding fan dirigint Willem Zijlstra út Beetstersweach. In wie in slagge middei mei tank oan it sinneskynwaar en it optreden fan it grut shantykoar.
De Komerk wie gesellich oanklaaid mei in terras, sitsjes en parasols. By in patatkream en in fiskboer koe it publyk terjochte foar in flaubyt en fierder wie de catering yn goede hannen by de fam. Okkema.
De belangstelling wie goed en it is fêst foar werhelling fetber!
De útdaging foar de takomst is om ris in koar fan 400 à 500 persoanen nei de Komerk te krijen.
It gehiel is moogliik makke mei finansjele stipe fan it TIP (Toeristen Informatie Punt), stifting de Komerk en de OVE, de ûndernimmersferiening Eastermar.
Ut namme fan de organisaasje,
Jannes Hamstra
-
- Informatie
- 28 maart 2024
Nijs fan de Iterstùn en it Itersbosk
Groene lentekriebels in de Iterstún: er zijn ladingen groenten gezaaid die straks geplant worden op... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze »