It is in suterige sneontemiddei yn Eastermar. De lêste frachtweinen mei poadiumynstallaasjes ride stadich it doarp út. It Breed is wer skjin nei in nacht wrotten troch de postkoadelotterijmanlju en -froulju.
Der rydt in auto mei fjouwer âldere minsken troch de strjitten fan Eastermar. Mei de mûle iepen draaie se de holle fan links nei rjochts en sjogge… neat bysûnders.
It âldpapier is dy moarns krekt ophelle. Fierder is der neat te rêden. Eastermar is oan't bekommen fan in bizarre wike.

Nee, it bliek gjin ferrifelnijs te wêzen doe’t op moandeitejûn samar ynienen dy grutte, ferljochte postkoadefrachtwein op it Breed delsetten waard. Fan it iene op it oare momint waard Eastermar in oerémis doarp. De heil en segens hiene plakmakke foar mar ien fraach: “Hast lotten?” It RTL-sirkus naam it doarp folslein oer en soe it de kommende fiif dagen net wer loslitte. Eastermar stie fan it iene op it oare stuit letterlik yn ‘e skynwerpers.

Fuortendaliks wiene der, neist in soad jûchheigerop ek oare lûden. “Wachtsje ris, moai dat jimme hjir binne, mar wy sitte hjir ek mei fertriet.” Dit wie it earste dat it produksjetiim fan RTL oppikte. En hja hiene it begrepen. The show must go on mar der waard wis wol rekken mei hâlden.
Op tongerstemiddei, tidens de begraffenis fan Durkje Brander, wie der gjin radio-útsjoering fan Gaston. Op freed, wylst it Breed op 'e kop stie en it feest yn alle fûleindigens los soe, wie it dyselde Gaston dy it fertriet as ûnderwerp net út ‘e wei gie yn syn poadiumpraterij.
Mar even letter wie dêr it twadde houliksoansyk dat ea op it Breed dien is (it earste wie op it Easterbarren). In sterk stikje fakwurk om dat live op telefyzje ‘spontaanwei’ foarinoar te krijen.
It hichtepunt fan it RTL-sirkus wie tsjin seizen. De hiele wrâld hat sjen kinnen hoe’t in dweiltrochwiet Eastermar mei spektakulêr fjoerwurk, lûde muzyk en fette jildcheques ûntplofte.

gewonnen
Foto: Albert Bakker

Triennen fan blidens. Fan perpleks-wêzen troch de hichte fan de bedraggen. Triennen fan sneu-wêzen want gjin lotten. Oandien wêze, ek troch de minsken sûnder lotten: “ Wy gunne it jimme sa”. Triennen fan fertriet of pine op inselde dei. Eltsenien hie wol in reden om inoar oan te krûpen.
Kamerateams swalken troch it doarp: “Wat gaat u doen met het geld?”, waard der alle kearen wer frege. En fansels wolle alle winners fan harren hûs in paleiske meitsje. Of it jild diele mei de bern. Of earder ophâlde fan wurkjen. Mar hoe moai om te hearren dat der ek oan de mienskip tocht waard. Oan duorsumens en goeie doelen.
Neffens de statistiken hat Eastermar 273 winners mei ien of mear lotten. Wat soe it moai wêze as der aansen yn dizze mienskip gjin ferliezers mear wêze sille. Der binne lûden yn it doarp oer in op te rjochtsjen fûns foar dit doel. Wy wachtsje de ûntjouwings op dit mêd rêstich ôf.

Eurodoarp Eastermar, miljoenen nei Skûlenboarch. Oer in pear wike stiet it jild op ‘e bankrekken en is de earste faze dien. Yn de twadde faze binne de bedriuwen, de winkels en de hoareka oan bar. En dy binne der genôch yn Eastermar. Wat soe it moai wêze as de Eastermarder ûndernimmers op harren beurt profitearje sille. En as ien laadpeal foar de elektryske auto’s op ‘e Komerk aansen net mear genôch blykt te wêzen.

Eastermar stiet (alwer) op ‘e kaart op in waarme, positive wize.
Tank oan alle minsken dy’t ree wienen om foar de kamera harren moaie ferhaal oer Eastermar te dwaan. Dy’t lêst hiene fan senuwen mar toch live yn byld woene om it doarp sa goed mooglik te promoaten. Tank oan de gemeente, de ynstânsjes. Tank oan de gastfrjie hoarekaminsken yn ús doarp.
Tank oan al dy minsken fan RTL4 of dy't troch RTL4 ynhierd waarden. Want sy hawwe hiel hurd wurke om it doarp mei te nimmen yn harren programma’s. Mar der ek each foar hiene wat der yn it doarp spile oan fertriet en gelok. Hoe moai te sjen dat it doarp even fernuvere opseach fan al it mediageweld mar der dan dochs prima mei omgean blykt te kinnen.

It wie in stoarm dy ‘t de earste wike fan jannewaris oer it doarp hinne raasde. Op freed, oan de ein fan ‘e middei, bruts heel efkes it Eastermarder skip los mar al rillegau hiene wy it mei ús allen wer yn ‘e macht en leit it no feilich yn ‘e haven.
Eastermar sjocht wer foarút.
Lit se mar komme, dy auto’s mei nijsgjirrige minsken. Lit se mar komme, de potinsjele hûzekeapers. Wy hawwe jimme kuierpaden fol nuchtere, aardige Eastermarders te bieden mei moaie ferhalen oer bygelyks de skûtsjesilerij, oer Dam Jaarsma, oer de fûgels en oer ús natoer.
En op ús barrens is fansels eltsenien wolkom. Wy binne hjir sa njonkenlytsen wol wat drokte wend.

in segend 2018!

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: