Op freed 26 augustus 2016 waard Meerzigt op ‘e nij iepene. Op in fertroud adres nimme nije útbaters mei nij elan it bedriuw oer. De foto’s binne fan Albert Bakker. Jo pleatslike Jort Kelder docht ferslach.

Eastermar, sinneskynwaar. Fleurige simmerjurkjes en strutsen boesgroentsjes mei koarte mouwen. Tout Eastermar is sammele yn de tún fan in op 'e nij te iepenjen hoareka-akkomodaasje. De minsken treffe mekoar foar it earst wer nei de fakânsje; in geroezemoes yn trije talen: Hollânsk, Frysk en... Dútsk. De lokaasje is gesellich oanklaaid, twa manlju spylje jiddyske muzyk ûnder de mânske kanstanjebeam. Eltsenien fielt him fuortendaliks wer thús yn it ‘eigen’ Meerzigt. It praat wurdt wer oppakt as hie Meerzigt nea ticht west. “Wêr hawwe jimme west, bytsje knap waar hân?”

ABA 2728 10846

Dan stappe der twa pearen nei foaren: Ada en Heymen en de Dútske Manuela mei Eastermarder Christiaan. Dêr tuskenyn: Doeke Fokkema, lokoboargemaster. “It liket wol in houlikseremoanje”, flústeret ien.
Mar dan begjint Ada te sprekken. Oer de skiednis fan Meerzigt, oer hoe’t sy en Heymen hjirre sûnder hoareka-ûnderfining úteinset binne. Oer it doarp, oer de minsken en de ferbining dy’t yn 10 jier ûntstien is. Mei in protte waarmte yn har stim kin Ada hast net mear ophâlde yn - jawis - trije talen.
Ada giet fierder oer de syktocht nei nije opfolgers foar Meerzigt. Dat der wol potinsjele keapers wiene foar it pân. Mar wiene dizze keapers ek goed foar Eastermar? En dan gie it dêrom oer.
Dan wurde Christiaan en Manuela yntrodusearre. Christiaan, de measten kenne him wol as in entûsjaste ûndernimmer dy’t wurket fanút syn passy en kreativiteit en Manuela, in fakfrou mei in protte ûnderfining yn it organisearjen fan ûnder oare eveneminten en kongressen: dat moat goed komme. Dêr is gjin twifel oer, al sil de oanpak grif nij en oars wêze.

ABA 2752 10867
Fan links nei rjochts: Manuela Lenz, Christiaan Steijn, Doeke Fokkema, Ada Roelants, Heymen Jansen

Doeke Fokkema nimt it wurd oer. Hy fertelt dat er tinke moat oan it programma Ik vertrek  wat Manuela oanbelanget dan. Mar dan it omkearde allinnich mar positive programmakonsept. Want it soe samar wêze kinne dat, mei de komst fan Manuela, Eastermar ynternasjonaal giet en de Eastermarders fêst mar begjinne kinne mei harren Dútsk op te heljen. Want noch even, dan sil de reis net mear nei Makkum of de eilannen gean mar nei Eastermar en tilt it hjir aanst op fan ‘e Dútske toeristen. De lokoboargemaster oerlanget harren de kaai, de 'masterkey' fan it hotel. De nije útbaters krije in grut applaus.

Dêrnei stiet it teaterljocht rjochte op Christiaan. Fansels sil er wat sizze. Hy sjocht yn alle rêst om him hinne. Eltsenien, yntusken foarsjoen fan in gleske, glimket it span ta. “Dit is best wel gaaf”. It komt der spontaan út. En hy slacht dêrmei wol de spiker op ‘e kop. It is yndie geweldich foar it stel, foar Eastermar, foar de gemeente.
Net allinne Christiaans bedriuw ACCES Catering hat in nij ûnderkommen fûn, mar alles kin wer opstart wurde: de gearkomsten, de resepsjes. “Hawwe jimme fragen of ideeën; kom mar op, wy stean iepen foar alles en wolle de útdaging graach oangean. En ek it hotel is wer iepen, yn augustus hawwe de earste gasten al sliept yn Meerzigt. Fokkema, no nergens om, mar it wiene Frânsen. Gjin Dútsers.”

ABA 2784 10892

It fertroude Meerzigt is wer iepen. De earste nijiersresepsje is al reservearre. In ûndernimmer dy’t Christiaan al jierren ynhiert foar de jierlikse personielsbarbecue hat al efkes hifke oft soks wol wer barre kin. "Jawol", sei Christiaan, "fansels, dat kin wer as altyd yn jimme kantine mar it kin no ek hjirre, yn Meerzigt." Nije kânsen, nije opsjes.

Dizze middei is der in pracht houlik sletten. In houlik tusken Meerzigt en Eastermar. Tusken fraach en oanbod, tusken ferline en takomst.
En de catering op dizze fleurige middei? Dy wie fansels dik ynoarder.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: