Bêste minsken,
De measten sille it wol witte, mar 11 april hiene wy rommelmerke,
en de opbringst wie foar tsjerke.
Dit wie foar ús as kommisje, Ytsje, Dieuwke en my de fjirde kear
en dan hope je fansels eltse kear op mear.
Om de spullen op te heljen
hawwe wy frijwilligers belle.
Geweldich wat in entûsjasme en net ien sei: Nee.
Tige dank derfoar we binne echt tefree!
Wat wiene der wer in protte boeken en boartersguod,
radio’s, stuollen, lampen en húshâldguod.
Alles yn de oanbieding en as ien in pryske sei,
seine wy: fuort dermei!
Ja, en no sil ik jim nog fertelle:
wat hat it ophelle?
€ 966,50
Tige tank,
Ytsje Annema, Dieuwke Lok en Tine Hoekstra
-
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Oud-Eastermarder Gepke Hoekstra exposeert in KAF
Studenten en alumni exposeren van 27 april t/m 5 mei in de werkruimtes van Kunstacademie Friesland m... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Bedankt Eastermarders
Al mear as 10 jier sammelet Eastermar moanliks produkten yn foar de Voedselbank Tytsjerksteradiel. Fa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 12 april 2024
Bedankt Eastermarders
Al mear as 10 jier sammelet Eastermar moanliks produkten yn foar de Voedselbank Tytsjerksteradiel. Fa... Fierder lêze »