Sinteklaas is ek dit jier wer goed oankaam yn in sinnich Eastermar. Saterdeimiddei om sawat 15:00 oere kaam de Sint mei syn gefolch oan yn de haven dêr’t er opwachte waard troch in protte sjongende bern. Nei it oanlizzen fan it skip stapte Sinteklaas mei syn Haadpyt op de duofiets, foarôfgien troch drumband De Marko’s. Nei in rûntsje troch it doarp kaam Sint oan by it Sinteklaashûs dat dit jier foar it earst yn Eastermar ynrjochte is. Spitigernôch woe de doar net iepen want de Haadpyt miende dat de kaai oan in Helppyt jûn wie. Mar dizze Helppyt hie de kaai net. Nei in skoftsje sykjen kaam der in lyts Pytsje op in elektryske step oansetten mei in kaai. Soe dy passe? Gelokkich wol, sadat de bern fan de groepen 1 - 4 deryn koenen en in gesellige middei mei de Sint en in tal Piten hienen. Foar de bern fan de groepen 5 - 8 waard in Pitedisko organisearre.
Fotoreportage Saskia van den Berg
-
- Informatie
- 28 maart 2024
Nijs fan de Iterstùn en it Itersbosk
Groene lentekriebels in de Iterstún: er zijn ladingen groenten gezaaid die straks geplant worden op... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 26 maart 2024
Preamsilen op de mar: 4 maaie 2024
Lykas ferline jier sil ek yn 2024 de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan ferskate wedstriden fan de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 maart 2024
Keningsdeifeestje
Kontaktpersoan: Frieda FaberTelefoan: 06-21262256 Fierder lêze »