Eastermar betanke!

Wy sjogge werom op in fantastysk wykein mei as grutte klapper de fjoerwurksjo. Us doel om mei it hiele doarp it nije jier yn te gean is tige slagge. Der is oant yn de betide oerkes omraak dûnse en mei de feechploech fan likernôch 60 man wie de seal samar skjin.

In oar foardiel is dat de oerlêst yn it doarp minym west hat en der in soad minder fjoerwurkresten yn ús moaie Eastermar lizze. Op nei it Spanbân Festival 2019!

ALB 0552

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: