Strjitfestival Easterbarren liket noch hieltyd drokker te wurden en dat is gjin wûnder. De formule - swalkje troch Eastermar en genietsje fan alles wat mar op jins paad komt - ferfeelt nea. Muzyk, teater, keunst, performances, sport en ynformaasje, bekend en ûnbekend talint: it wie der allegear. De izersterke formule fan it festival kin noch jierren mei.

Fanwege de jubeleumedysje wie de iepening in gesellige en fral muzikale gearwurking fan artysten dy't op it Easterbarren al jierren in optreden fersoargje. It publyk wie fuortendaliks yn de stimming en dy sfear soe de hiele middei en jûn net wer fuortgean. Boppedat hat him op it Easterbarren in unikum foardien: in houliksoansyk op in hiel kreative wize, fuort nei de iepening fan it festival. En... hy hat JA sein. Moaier soe it dizze dei net mear wurde.

easterbarren 2015

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: