It siet smûk yn ‘e winkel fan Jannes Hamstra. In moai ploechje minsken hie him opjûn foar de wynpriuwerij mei wynadviseur Alex v.d. Wal fan Excluvin wynymport. De dielnimmers mochten gear oer fjirtjin ferskillende wynsoarten, fan wite Spätburgunder Blanc de Noir feinherb oant sjerperige Sherry Ferris solera 1941. Elke wyn koe mei in sifer tusken 1 en 7 beoardiele wurde. Konklúzje: elk minske hat syn eigen ‘smaakbeleving’.

De oanwêzigen hearden termen as walsen, droesem, tannine, struktuer, anty-oksidanten en polyfenolen. Preaunen aroma's fan fruchten, nuten, krûden en lagering op hout. Waarden attint makke op it  mûlegefoel fan de wyn: rûn, soepel of krekt stroef en strak.

Tuskentroch soarge Jannes der mei stokbôle en lekkere hapkes foar dat it selskip skerp bleau.

Yn febrewaris organisearret Jannes yn de saak wer in jûn mei in oansprekkend tema: it wokken fan griente. Hâld de oankundiging yn ‘e gaten, want dat wurdt grif ek de muoite wurdich!

ABA 9942

ABA 9958

ABA 9955

ABA 9962

ABA 9943

foto's  Albert Bakker

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: