EASTERMAR: Op zaterdagavond 13 februari om 20.00 uur geeft het bekende trio ‘Wiltsje fan Peazens’ een concert in het sfeervolle THEATER MEERZIGT met hun programma:

Wiltsje fan Peazens is wer los! Een Fries programma voor alle nationaliteiten.

It hat mear as trije fearnsjier duorre, mar de trije spylmannen fan Wiltsje fan Peazens binne der wer. De muzyk hat alle krupsjes lang om let ferslein. Meikoarten, op sneon 13 febrewaris, binne se te hearren yn Theater Meerzigt. De trije trûbadoers fan Wiltsje fan Peazens hawwe in griis fan elektrysk gedoch en se fine dat der altyd wer in bettere útfiering fan in nûmer mooglik is as de lêste. En soms wie de foar-foarlêste in ûnferwachte hichtepunt, mar sa hâlde se harren 'rippetwaar' al jierren nij en jong.

Mankelike Ierske sangen, koartswilige dranklieten, ynmoedige meldijen, orizjinele Fryske strjitballades, drôve libbenslieten, alle trije kûpletten fan de Wâldsang, folle net genôch en oer alles hinne gloedet de wille fan it mei-inoar muzyk meitsjen.

Yn it earste part fan it optreden besykje de mannen, gauris omdôch, de earnstige kant neist te bliuwen, mar as it in bytsje meiwierret, kin it der nei it skoft omraak om wei gean! Wiltsje fan Peazens bringt in jûn dêr’t net de muzyk sintraal stiet, mar de nocht fan it muzyk meitsjen. Mei inoar en foar inoar. It is in feest om derby te wêzen. En dêr giet it om!

Entree € 15,00 en dat is inclusief koffie/thee bij ontvangst en een hapje en drankje in de pauze. Aanvang 20.00 uur.

Voor reserveringen: 0512-472190 of 0512-471232. E-mailen mag ook naar: theater@hotelmeerzigt.nl

Meer informatie in de bijlage: Nieuwsbrief Theater Meerzigt

image001

Met vriendelijke groet / Mei Freonlike Groetnis,

Werkgroep Theater Meerzigt

Heymen Jansen