It is maitiid en de fuotbalkoai foarsjocht wer dúdlik yn in ferlet. Behearsgroepleden ha der foar soarge dat de blêden opfage binne en dat it 'daknet' wer opspand is. Ek de sânrusters dy't de fa. Lahuis oanbrocht hat, binne lege (alle trije wiken in pear amerfollen!).
En der is in nij boerd oanbrocht mei gedrachsregels foar de gebrûkers. It âlde is foarich jier troch fandalen fernield. Ut in ynventarisaasje blykt dat omwenjenden it meast kleie oer lûde muzyk, en dan fral it dreunen fan bassen, en de oanwêzichheid fan brommers. Feroarsaakje dus gjin oerlêst en brûk de koai wêr't er foar bedoeld is.

Oan de behearsgroep sil it net lizze.

fuotbolkoai boerd

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: