De brêge oer it PM-Kanaal by Koatstertille mei net mear brûkt wurde troch it swiere ferkear. Nei ûndersyk hat bliken dien dat de fundearring fan de brêge skansearre is nei't op 25 oktober in tanker tsjin de brêge oanfearn wie. By in twadde ynspeksje troch dûkers is dúdlik wurden dat meardere betonnen peallen breuken fertoane. Licht ferkear mei noch wol oer de brêge, mar trekkers, frachtweinen en bussen moatte fan woansdei ôf omride. It ferbod jildt yn alle gefallen oant de ein fan dit jier.

Ek it skipfeartferkear hat hinder fan de stikkene brêge, omdat it beweechbere stik net mear omheech kin.

Voor meer informatie klik hier

brêge PM kanaal

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: