Men koe der hast op wachtsje en yndie, it earste 'barren' bûten Eastermar is in feit. It barrenfirus hat him ferspraat en is yn de Harkema telâne kaam. Op 27 oktober sil by de Spitkeet it 'Beantsjebarren' plakfine. It giet hjir om in reseptewedstriid foar de 'Giele Wâldbeantsjes'.
No is it fansels de fraach oft in barren, organisearre bûten Eastermar, ék moai waar opsmite sil. Of jildt soks allinne foar de kombinaasje Eastermar en '...barren'?
Meidwaan kin net mear mar der hinne wol. Fan 10 oant 17 oere is eltsenien wolkom om fan alles te priuwen en binne der demonstraasjes. Foar de bern is der it 'Wrâldkampioenskip Wâldbeantsjepûljen'.

Mear ynfo

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: