In koart ferhaal oer hoe't twa puzzelaars in wedstrydsje dogge.
En oer't ta stân kommen fan it fernijde argyf fan eastermar.nl
.

It meitsjen fan in lispuzzel is wer populêr sûnt corona. Alde puzzels binne wer foar’t ljocht helle of ynslein by de kringloop.
In freondinne út Amsterdam, har namme is Elza, betocht har eigen lispuzzel. Fan alle stikjes stof dy’t sy yn de loop der jierren sammele hie, oerbleaun fan har naaiprojekten, sette sy yn de hjerst fan 2020 útein mei it meitsjen fan in patchwurktekken fan hûnderten seiskantige rozetsjes stof. In put wurk.

rozetsjes
hûnderten seiskantige rozetsjes stof

Likernôch tagelyk sette ik útein mei myn eigen projekt: it fernijen fan eastermar.nl. Al rillegau kaam ik foar in dilemma te stean; wat te dwaan mei al dy âlde berjochten op de side? Kin it eins wol fuort - it is ommers âld nijs -  mei it grutte foardiel dat ik dêrmei de database lytser meitsje? Of moat it just bewarre bliuwe? Net fanwege de nijswearde mar om in oare wearde, nl. dat al dat âlde nijs de skiednis foarmet fan Eastermar sûnt it jier 2000. Ik lei it dilemma foar oan it bestjoer, de senatoaren  fan eastermar.nl. “Wannear mooglik, dan bewarje”, wie it antwurd.

“Okay, ik doch myn bêst”, sei ik, noch net wittende dat ik dêr in heidens kerwei te pakken hie. Want by in earste tsjek kaam fuortendaliks al oant ljocht dat it likernôch 3600 artikels oanbelange! En by kontrôle fan de earste artikels kaam ik der achter dat er faak wat mis mei wie: der miste in foto of fotoferslach, in linkje rûn dea, it artikel wie net opslein in de goeie kategory, ensfh.. Ik soe al dy 3600 artikels by del moatte, allinne al om te bepalen of it stean bliuwe moast of wier wol fuort koe, omdat it neat tafoegje soe oan it argyf. Boppedat wie der ien en oar kwyt rekke fan foar 2007, doe’t de doarpsside noch mei in oar systeem wurke. 

En wannear ik dochs al dy artikels by del moat, dan kin ik der likegoed tags (kearnwurden) oan taheakje, dan wurdt it argyf noch tagonkliker foar de besikers fan de doarpsside.
Hawar, krekt as Elza, hie it puzzeljen my te pakken, yn dit gefal ien fan 3300 stikjes.

3600artikels
66 x 50 artikels = ± 3300 puzzelstikjes

“Hoe ver ben je al?”, frege ik oan Elza, wannear wy inoar tillefoanysk sprutsen. “Oh, nog maar aan het begin, misschien op 20 procent. Maar de winter duurt nog lang. En jij, hoe ver ben jij?” “Ik bin no yn 2008. De iisbaan giet iepen, Jannes wint de raukostbokaal en bakkerij Wijnsma hâldt op. En it Paardenspektakel bestiet 10 jier.”

Myn puzzel hie my folslein yn de besnijing krigen; it trochnimmen fan al dy artikels blike in aardichheid te wêzen. Saken dêr’t ik ‘geen herinnering meer aan had’, om mei Rutte te sprekken, kamen my wer yn’t sin. Wat is der eins in protte bart yn al dy jierren. Al dy konserten yn Meerzigt, alle barrens, al it lytse nijs dat dochs wer oantinkens opsmyt. Sa njonkenlytsen kaam ik der achter dat it bewarjen fan fierwei de measte berjochten in goeie kar wie.

“Hoe ver ben je al?”, frege ik oan Elza, wannear wy inoar tillefoanysk sprutsen. “Ik denk op de helft, en jij?” “Ik bin no yn 2013. De renovaasje fan de PKN-tsjerke op it Heechsân foarderet, op Hylpen wurdt it skûtsjesilen ôfsein fanwege te hurde wyn, de Parel kriget in nije eigner, de earste berjochtjouwing oer it Dam Jaarsmajier fan 2014.
De coronawinter duorre gelokkich einleas. En it wurk foardere stadich. “Hoera”, appte myn freondinne, “wer tolve rozetten klear”. “Hoera”, rôp ik yn mysels, “wer in jier klear”.

Op in dei yn april kamen der ferskate fleurige foto’s binnen fia Whatsapp. De tekken fan patchwurk wie nei moannen nifelje klear. 634 seishoekjes mei de hân oaninoar naait. Op ien fan de lêste rozetsjes hie Elza in tekst borduerd: ‘2020 CORONA 2021’. Hja hie it foarinoar krigen! Yn plak fan al dy losse eintsjes stof wie it In bysûnder oantinken oan de coronatiid wurden. Krekt op tiid, want it waar waard better en de 'versoepelingen', noja, dy lykje der wier oan te kommen. 

Wylst Elza genietsje kin fan it resultaat fan har krewearjen, moat it noch efkes trochsette. Mar in pear wike letter bin ik dan ek safier. De fotoferslaggen, dy bewarje ik foar de kommende winter, mar fierders is myn puzzel klear. 3300 artikels, in nij jaske, nije rubriken, in opskjinne database. De fernijde side kin op Keningsdei de loft yn. 

“Weet je wat nou jammer is”, seit Elza,” ik had gedacht dat mijn lapjeskast nu leeg zou zijn. Maar dat is niet zo.”
Ik doar fansels no net mear de database te iepenjen. It sil dochs net...

Rienk Vlieger

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: