Sa ‘t in soad fan jimme wol witte sette wy ús yn foar de stichting Famtofam, in stichting dy’t finansjele stipe jout oan de alderearmste bern yn Armenië (www.famtofam.nl). No liket it soms wolris dat der net sa folle bart mar neat is minder wier.

Efter de skermen geane de aktiviteiten gewoan troch en krije 260 bern yn Armenië elke moanne harren sponsorbydrage fan €15,- (en soms noch wat ekstra). Mar dat giet net fansels. Ien fan ús aktiviteiten is dat wy 3 of 4 kear per jier in lêzing hâlde foar groepen dy ‘t wol wat mear oer ús wurk yn Armenië witte wolle.  Sa besykje wy om ús projekt mear bekendheid te jaan. Om sa mear sponsors te finen dy’t in bern in Armenië stypje wolle. Mei sa’n lêzing giet de F2F Kadosjop altiten mei mei eigen makke of krige guod. Doel is om by sa’n lêzing wat jild op te heljen. Ek hâlde wy dan altiten in ferlotting mei as haadpriis in farske rollade (sponsore troch ús slachter Otte Boersma).

Mar no ha wy in probleem, of, positiver sein: in útdaging. De hannel fan de Kadosjop wol net mear. Minsken binne útsjoen op ús presintsjes. En litte wy realistysk wêze, elkenien sit sels ûnder it guod en bringt it nei de Kringloop.  Dus ha ik besletten om hjirmei op te hâlden. Yn desimber haw ik 3 dagen op in merke stien en alle guod fan de hân dien. Dat hat (boppe ferwachting) noch sa’n € 500 opsmiten. En dêr wienen wy fansels o sa bliid mei. Mar no moatte wy fansels wat oars betinke want de F2F Kadosjop moat fansels wol fierder. It jild is noch altiten o sa nedich.

En no hie ik tocht om help yn te roppen fan “Hiel Eastermar Bakt”. 

Hoe sjocht dat der dan út? Ik soe graach, as wy wer in lêzing hâlde, eigen (farsk) bakte cake en of koeke ferkeapje wolle. Ik tink dat minsken dat earder keapje sille dan presintsjes,want wa fynt eigen bakt spul no net lekker. Dus sykje ik no minsken dy ‘t mei wille en gemak sa no en dan in cake en/of koeke bakke wolle foar Famtofam. Om sa ús projekt in pear kear yn it jier op dizze wize te stypjen. Stel it jimme mar fêst foar: it bestjoer fan Famtofam giet dan op paad mei “Hiel Eastermar Bakt” cake en koeke . Hoe mear minsken meidwaan wolle hoe makliker it foar my is, want net elk kin bakke op it momint dat ik dêr om freegje fansels. Ha jimme nocht om mei te dwaan (of kenne jimme immen dy’t ek meidwaan wol) reagearje dan mei in e-mail, mar jimme kinne my ek gewoan belje fansels. Ik hoopje dat it slagget en bin benijd nei jimme reaksjes.

Jantsje Hoekstra 
‘t Hôf 57, 9261VS Eastermar
till. 0512- 471558
jantsjehoekstra@hotmail.com

logo famtofam

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: