Op saterdei 31 jannewaris 2015 hâlde wy foar de twadde kear in fakkelrintocht, mei nei ôfrin in noflike neisit yn 'de Parel'. Ferline jier wie in grut sukses, mei hast 50 dielnimmers.
It is wer de bedoeling om, as it tsjuster wurden is, in kuiertocht te meitsjen fan sa'n 5 kilometer. Yn net al te grutte groepen dy't in fakkel meikrije om de wei fine te kinnen op de net ferljochte sânpaden. Underweis krije jimme wat waarms te drinken.
Oan 'e ein komme wy byelkoar by Eddy fan 'de Parel'. Net allinnich foar in slokje, mar ek om meielkoar in hapke te iten. De winterkost fan ferline jier is tige goed befallen en dat dogge wy dus wer.
De kosten bliuwe beskieden: € 10,- pp, ynklusyf it iten. Drankjes binne foar eigen rekken, dat snappe jimme. Opjaan kin by ien fan ús of per mail (seadwei5@macuser.nl).
Wês der rap by om't wy mei 60 persoanen oan ús max sitte.
It fakkelrintochtbarrenkomitee: Albertha, Fokje en Oebele
-
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Oud-Eastermarder Gepke Hoekstra exposeert in KAF
Studenten en alumni exposeren van 27 april t/m 5 mei in de werkruimtes van Kunstacademie Friesland m... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Bedankt Eastermarders
Al mear as 10 jier sammelet Eastermar moanliks produkten yn foar de Voedselbank Tytsjerksteradiel. Fa... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 april 2023
Wandelgroep Eastermar