Serious Request
Ek dit jier kin der, foar de 3e kear alwer, bean wurde op in plakje foar it Ferrassingsdiner, wêrfan't de opbringst alhiel nei Serious Request giet. It sil heve op freed 20 desimber om 19.00 oere op 't Hôf 19. Der binne 8 sitplakken beskikber en der kin bean wurde fan € 25.00 ôf.
Biede kin op de folgjende wize: www.facebook.com/FerrassingsdinerSR13
Twitter: @DinerSR13
Mail: ferrassingsdinerSR13@mail.com
SMS: 06-24342336
Tillefoan: 0512-841750
De bieders wurde op 'e hichte brocht at se oerbean wurde, om sa nedich it bod te ferheegjen. Op dit stuit binne der noch 4 frije plakken.

Mei freonlike groetnis, Floor en Antsje
SeriousRequest2013

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: