garage verkoopIt waar knapt ein fan de wike lang om let op. De terrassen binne iepen. Der is streetfood, kofje, sûkerbôle, cupcakes en sawathinne op ferskate lokaasjes yn it doarp. En der is draaioargelmuzyk!

Mar leafst 60 garaazjes mei de meast geweldige koopjes binne fan 9:30 oant 14:30 iepen! Ek op it Heechsân en yn it bûtengebiet!
Oeral wêr’t de flagge úthinget binne jo wolkom!
De rûte leit foar jo klear by Alles ûnder ien dak.

Koart sein, dit wurdt yn en om Eastermar gesellich, coronaproof swalkje, moetsje, genietsje en keapje!

Mear ynfo op de Facebookpagina.

garage sale

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: