images

eastermar

tusken wytfean
mar en heechsân
leit in stjer fan grien

de linebeammen
oan it wâltsje
flústerje ferhalen

oer broekophâlders
feanterij en oer
dy toer
allinnich
in hiel stik
fierderop

wetter, greide
beammen
alles ûnder ien
blau dak

postkoadelot of net
hjir smûk tusken
de marren
fiele wy ús
allegearre ryk

 

Elbrich Vreeling
1-10-2020

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: