Allegearre al lêzen? It liket spannend by ús papieren ekwivalint: ús doarspkrante 'BREEDút'. It giet mar tuike-tuike mei de finansjele stipe, it (frijwillige) lêzersjild. Eartiids gie dat altyd mei sa'n handige aksept-giro, mar dy service biedt de bank net mear. Dêrom docht de redaksje it freonlike mar driuwende fersyk om €10,- lêzersjild oer te meitsjen op rekkennûmer 3498 19 238 op namme fan Doarpskrante Eastermar. In bytsje mear mei fansels ek....
Yn it slimste gefal is it aanst dien mei de krante en sille we him hjir ek net mear as pdf pleatse en kinne Eastermarders om utens dy't gjin abonnemint ha, ek net mear op 'e hichte komme fan it riden en farren yn Eastermar, dêr't de krante sa karakteristyk melding fan makket!
En it is sa simpel: op dit stuit sitte jimme, lêzers, allegearre op it ynternet en wa bankieret tsjintwurdich no net fia it ynternet?! (bygelyks fia de Rabobank ) en meitsje periodyk yn april €10,- (of in bytsje mear) oer. Dan sjogge wy jo aanst wol wer op Eastermar.nl.
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 april 2024
Doop skûtsje de Broekophâlder een feestelijk spektakel
Na een geslaagde tweede training op de Burgumer Mar stond de bemanning van skûtsje De Broekophâlder... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze »
-
- Informatie
- 04 maart 2024
Uitnodiging Ea bloeit
Op 31 januari j.l. vond in het ‘Mienskipshûs’ (De Kjellingen) een informatie- en meedenkavond plaats... Fierder lêze »