De dielname oan de manifestaasje ‘fan kneppeljen nei keppeljen’ slacht yn Eastermar oan! Koördinator Wijbe Postma (’t Hôf 5, tel. 0512 471615, e-post w.postma20@chello.nl ) hat foar 50 fan ‘e beskikbere 60 flaggen al in adres fûn.

De flagge hat it opskrift: ‘it moaiste stikje Fryslân ha wy fûn by Eastermar’ sa’t op bygeande foto te sjen is.

ABA_7033

Neffens it draaiboek fan dizze manifestaasje is Eastermar oan bar om op snein 9 oktober – kommende snein dus – de flagge út te stekken en dy hingje te litten oant en mei 19 nov. 2011. Hy hoecht nachts net ynhelle te wurden. De flagge is fergees en de flaggers meie him nei de 19 novimber hâlde. Mear ynformaasje is te finen op www.keppelje.nl

De provinsjale stjoerder GPTV sil ek omtinken jaan oan de flaggerij yn Eastermar. Wannear en hoe is noch net dúdlik. Tytsjerk en Eastermar binne de iennige doarpen yn ús gemeente dy’t oan dizze manifestaasje meidogge. De doarpskoördinator bringt yn de wike foar 9 oktober (kommende wike dus) de flaggen by de adressen dy’t har al opjûn ha.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: