De webside fan Eastermar giet op 'e skeppe. Hoewol't de hiemside fan Eastermar, sjoen nei de statistiken, foar alle Eastermar-fans goed foldocht, binne der dochs oanpassings nedich.
Foar in part is dat technysk. De side draait op in ferâldere systeem en is dêrmei kwetsber wurden foar minsken mei minder aardige bedoelings. Der moat dus in 'upgrade' plakfine.
Foar in oar part is dat fanwege de nije ûntjouwings: tink oan de komst fan tablets en smartphones. De side moat foar dizze apparaten optimalisearre wurde want hieltyd mear minsken brûke dizze apparaten foar ynternet-relatearre saken.
It lêste part giet oer nije opsjes dy't wy graach ynbouwe wolle. Tink oan de komst fan social media en de mooglikheden dy't besikers krije kinne om sels op de side wat dwaan te kinnen. In foarbyld hjirfan is in útwreiding fan 'e Eastermerk mei foto's en filmkes.

Studio Staalkaart hat opdracht krigen om oer de klus teset. Mei tank oan in grutte finansjele stipe fan Feriening fan Doarpsbelang Eastermar, de jierlikse bydrage fan de OVE en oare ferienings, én in koarting op de kosten troch Studio Staalkaart, kin in flink part fan de winsken ynwillige wurde. Der binne in pear dingen dy't op langere termyn realisearre wurde sille, alteast wannear't ek dêr jild foar beskikber komt. Ien fan dizze saken is it realisearjen fan in foto-argyf. Der binne yn it doarp nammentlik in pear digitale kolleksjes fan nijsgjirrige foto's fan Eastermar, dy't eins in plakje op 'e side hawwe moatte. Ek soene dêr de hichtepunten fan bygelyks doarpsfeesten, Easterbarrens ensfh. oan taheakke wurde kinne.

Boppesteande is fansels prachtich mar alles stiet of falt by in aktive redaksje. Hoewol't net elkenien der altyd by stil stiet, is der yn it doarp in oantal minsken alle dagen warber om de side aktueel te hâlden. Soe dat net barre, dan soe it fuort dien wêze mei de aktuele nijsfoarsjenning fan en foar de Eastermarder mienskip.
Dêrom soe ik Albert Bakker, Jan en Sjoukje Kooistra, Saskia van den Berg en Elly van Holsteijn even neame wolle en harren tanksizze foar al dat wurk yn de ôfrûne fiif jier!

It doel is dat ein dit jier de wurksumheden safier klear binne dat de nije side online kin. Fansels wurde de besikers fan Eastermar.nl op 'e hichte hâlden.

Rienk Vlieger
foarmjouwing en technyk

logo-eastermarnl