By it opsetten fan de volleybalfjilden yn de maneezjehal fan de famylje Couperus, kaam bûten de sinne der by. De organisaasje tocht doe wolris: hawwe wy der wol goed oan dien om it barren fan it Breed te ferpleatsen nei de hal? Mar doe't om healwei fiven it wetter mei bakken nei ûnderen kaam, doe wie dúdlik dat it in goeie kar wie.

Yn de prachtige en sûkerskjinne hal striden 24 teams mei de prachtichste nammen, sa as it Griem Team en de Jan Mooi Hierkes, om de sportive eare. Mar nei de wedstriden yn de 4 poules koenen allinnich de poulewinners trochgean. Yn in spannende finale wie it dêrnei  it team fan Marwei (Jan Wind en syn teamgenoaten) dat de spilers fan it Wytfean fersloech.

Wylst it bûten hieltiid hurder reinde, wie der yn it foarste stik fan de hal in tige slagge BBQ, fersoarge troch Otte c.s. en mei Raimundo en syn minsken achter de taap.
Kommend jier foar de tsiende kear en dan hooplik wer op it Breed. Mar dat nimt net wei dat it mei de help fan de famylje Couperus, Otte, Raimundo en al dy oaren wer in moai barren wie. Oh ja: it 'sânskepbarren' op moandei giet no net troch.

De Beachboys

 DSC6077

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: