Op sneon 16 july oansteande sil it wer hâlden wurde: it jierlikse BEACHVOLLEYBAL. En jimme witte wat dat betsjut: op it Breed (wat dan hooplik einlings werris autofrij is) stoarte wy in grutte bulte sân, wy meitsje trije fjilden en dêromhinne striepakken, bankjes en neam mar op.

Beachvolley

Opjefte kin no: wês der rap by want der kinne net mear as 24 teams meidwaan. Ferline jier hienen wy wat lêst fan fuotbaltoernoaien, Lowlands en Sail en wienen der wat minder teams , mar alle oare jierren hellen wy dit oantal mei gemak. Fol is fol.

Wat binne de ôfspraken ?

- In team bestiet yn it fjild út 4 persoanen, wêrfan minimaal 2 froulju

- Yndraaie of wikselje kin folop

- Der wurdt spile op tiid. Rekkenje op 5/6 wedstriden fan 12-15 minuten

- Leeftiid: 14 jier en âlder

- Ynskriuwjild, mei troch stipe fan OVE en horeca, net mear as € 15,- per team. Betelje op de dei sels.

Opjefte kin by ien fan de Beachboys: Cor, Hans, Molle of Oebele.

Stjoer in app, sms, brief of postdo, of in mail nei seadwei5@macuser.nl of cb62@live.nl. Dêryn de namme fan it team, kontaktpersoan en mailadres. Yn de wike foar it toernoai krije de dielnimmers it wedstriidskema oer de mail.

Nei ôfrin is op it Breed wer in noflik Itersbarren, yn de mande mei de horeca. It hoe en wat wurdt letter bekend makke.

De Beachboys

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: