Op saterdei 13 july wie der op ‘e Burgumer Mar werris mei skûtsjes syld. Under de organisatoaryske wjukken fan ‘e Stifting Skûtsjesilen yn ‘e Wâlden waard mei dit wettersportevenemint it tolve-en-in-heal-jierrich bestean fan ‘e Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES) betocht. Ynearsten hienen har 10 skûtsjes oanmeld foar dizze jubileumsilerij, mar úteinliks gienen saterdeitemoarn 8 skippen mei mekoar de striid oan.
Moarns begûn de dei mei it palaver (regelútlis en rûtebesprekking) yn De Parel. Dêr ferwolkomme âld-SIESbestjoerslid en âld-Eastermarder-skûtsje-bemanningslid Oebele Brouwer de skippers. Hy stie efkes stil by de skiednis fan SIES en helle wat herrinneringen op út de tiid dat hy as man fan ‘e earste oere ticht by it doarp Eastermar stie.
By beide wedstriden – ien yn ‘e moarntiid en en ien nei it middeisskoft – wienen der wol in tal spannende mominten. Der stie in stive 4 Bft en dat wie foar de bemanning fan De Zes Gebroeders (Makkum) hast tefolle: sy koenen har skip noch mar krekt oerein hâlde! Twa SKS-skûtsjes, Grou en Hearrenfean gienen yn ‘e earste wedstriid te gau oer de startline en waarden by de finish dus net ‘ôfsketten’ wat ynhâlde dat se yn ‘e útslach 9 punten boekten. It doarp Eastermar moast yn ‘e middeiswedstriid in strafrûntsje draaie fanwegen in bakboard-stjoerboard-gefal en einige dochs noch op in fyfde plak by de finish.
By de priisútrikking die bliken dat De Twee Gebroeders (Gerhard Pietersma, Earnewâld) de úteinlike winner wie, op it twadde plak kaam Wylde Wytse (Sikke Heerschop, Rotterdam) en as grutske tredde it doarp Eastermar (Geale Tadema, Eastermar). De prizen waarden mei tapaslike lokwinsken útrikt troch Oebele Brouwer en skûtsjemiss Fokje de Vries-van Dekken. Ek de foarsitter fan ‘e Stifting Skûtsjesilen yn ‘e Wâlden, Jelmer Bloembergen, fierde noch it wurd en komplimintearre alle minsken dy’t dizze tige slagge silerij mooglik makke hienen. Yn dy wurden koenen de oanwêzige skippers har folslein fine en hja fûnen dat dit op ‘e Burgumer Mar beslist foar in herhelling yn 2020 yn oanmerking kaam.
-
- Informatie
- 22 april 2024
Doop skûtsje de Broekophalder: een feestelijk spektakel!
Na een geslaagde tweede training op de Burgummermar stond de bemanning van Skûtsje de Broekophalder... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Oud-Eastermarder Gepke Hoekstra exposeert in KAF
Studenten en alumni exposeren van 27 april t/m 5 mei in de werkruimtes van Kunstacademie Friesland m... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 05 april 2024
Doop skûtsje de Broekophâlder
De Broekophâlders nodigen u van harte uit voor de doop van het skûtsje op 21 april a.s om 14.00 uur!... Fierder lêze »