fan 8 o/m 12 juny 2015

Bêste Eastermarders en minsken út de omkriten, 
Yn ‘e wike fan 08 o/m 12 juny ha wy wer de tradisjonele 4 jûnekuier. Sa as alle jierren besykje wy wer moaie rûtes út te setten. Dizze rûtes binne hiel geskikt foar de bern om’t der in protte oer sânreden rûn wurdt dêr‘t de bern mar fleane en stowe kinne. 

No ha wy lykwols de lêste jierren wol in grut probleem: swartrinners. Dat klinkt hiel swier mar in oar wurd kinne wy der net foar betinke. We doele dan û.o. op âlders dy‘t mei harren bern de 4 jûnekuier rinne, mar gjin stimpelkaart hawwe. Ek binne der minsken dy’t op de kuierdagen, sûnder melding en betelling, bryfkes mei de rûtes út de kantine pakke en sûnder stimpelkaart op 'en paad gean. Dat binne ek swartrinners! Wat dizze minsken har net realisearje is dat wy in stifting binne mei in lyts budzjet en wy meitsje nea winst! Dêr stiet foaroer dat wy altiten wol hiel wat ûnkosten ha oan medaljes en materialen, dy‘t alle jierren ferfongen wurde moatte.

Hieltyd op 'e nij binne der ek in hiel protte frijwilligers dy’t har ynsette om alles yn goede banen te lieden. Foar dizze minsken soene wy eins hiel graach wat dwaan wolle om ús wurdearring blike te litten, mar dan moat der wol wat jild wêze. Swartrinners ha dus wol de wille, mar helpe net mei om dat mooglik te meitsjen...!

Wat wy sizze wolle: jou jim op, betelje it ynlisjild en doch mei in stimpelkaart mei oan de Fjouwerjûnekuier yn de wike fan 8 o/m 12 juny.

avd2013

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: