De tige goed besochte en libbene Keningsdeifrijmerk waard om 10.30 oere efkes stillein foar in offisjeel momint. Wethâlder Doeke Fokkema frege de oandacht fan ‘e oanwêzigen foar de ûndertekening fan in oerienkomst tusken de gemeente Tytsjerksteradiel, de 'Beheargroep Fuotbalkoai Eastermar' en Doarpsbelang.

Sûnt rom in jier set de 'Beheargroep Fuotbalkoai Eastermar' him yn om saken dy’t mei de fuotbalakkomodaasje oan ’t Harstepaad te krijen ha yn goede banen te lieden. Dan giet it om it neilibjen fan gedrachsregels, it frijhâlden fan smoargens, it tsjingean fan oerlêst en it behear fan de finânsjes. Foar dat lêste is it bestjoer fan ‘e Feriening fan Doarpsbelang ferantwurdlik. 
De beheargroep hat der it ôfrûne healjier foar soarge dat de tagonklikheid fan de koai ferbettere waard troch de oanlis fan in tegelpaad. De groep bestiet út jongeren: Cor Zuidema (foarsitter), Jurre en Max Dam, Johannes Couperus, Mike Okkema, Jelte Heidbuurt en Jelmer Dijkstra en folwoeksenen: Jannes Hamstra, Tjeerd Dijkstra en Wijbe Postma (notulant). Fierder soarget Redmar Severein as jongereinwurker by KEaRN foar de kontakten mei it Wolwêzenswurk. Kontaktpersoan by de gemeente is Marjan Terpstra fan de ôfdieling Mienskip.

It tekenjen fan de neamde oerienkomst waard dien troch de wethâlder, de foarsitter en de notulant fan de beheargroep en in bestjoerslid fan doarspbelang, Christine Meijers. Dizze offisjele hanneling fûn plak yn de spesjaal opboude pannakoai. Nei de ûndertekening koene de leafhawwers fan strjitfuotbal har yn dy pannakoai útlibje.

ABA 1184

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: